Subsydzje fan BankGiro foar Fogelsangh State yn Feankleaster

04 feb 2016 - 20:05

Fogelsangh State yn Feankleaster hat mei fiif oare histoaryske huzen hast fiif en in heale ton krigen op it Goed Geld Gala fan de BankGiroLoterij. It jild is bedoeld foar restauraasje oan it ynterieur fan de huzen. Fogelsangh State sil syn diel ûnder oare brûke foar it opknappen fan skilderijen en famyljeportretten.

It histoaryske gebou waard yn 1646 boud en hat sûnt dy tiid yn partikuliere hannen west. De hjoeddeiske eigener, Kyra Livia barones Van Harinxma thoe Slooten hat it ûnderbrocht yn in stichting, dy't it behear docht.

It hûs is in diel fan it jier iepen foar publyk. De oare huzen dy't jild krigen hawwe binne ûnder oare Kasteel Duivenvoorde yn Voorschoten, Slot Zuylen yn Oud-Zuilen en Havenzate Mensinge yn Roden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)