Learlingen CSG Liudger leverje frije dei yn fanwege izel

04 feb 2016 - 19:26

Learlingen fan kristlike skoallemienskip Liudger moatte in frije dei ynleverje fanwege de izelperioade. Fanwege de glêde diken koe der gjin les jûn wurde op 5, 6 en 7 jannewaris. It bestjoer fan de skoalle fynt dat in diel fan dy tiid kompensearre wurde moat. Dêrom komt in al earder plande frije dei op 29 maart te ferfallen.

Liudger hat ûnder oare fêstigings yn Drachten en Burgum. Oft oare skoallen ek lessen ynhelje sille, is net bekend.

Trefwurden: 
CSG Liudger skoalle izel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)