Wenje op Schatzenburg mei net

18 apr 2012 - 11:54

Permanint wenje op bungalowpark Schatzenburg yn Menaam is net tastien. De Ried fan Steat hat dêr woansdei útspraak yn dien. Dêrmei wurdt de gemeente Menameradiel yn it gelyk steld.

Eigner Van Booma fan it bungalowpark en de feriening fan eigners wiene yn berop gien tsjin it bestimmingsplan fan bungalowpark Schatzenburg. Yn dat bestimmingsplan stiet dat de bungalows allinnich rekreatyf brûkt wurde meie. Van Booma wol him net by de útspraak dellizze. Yn in reaksje neamt hy de hannelwize fan de gemeente 'krimineel'.

Foar wethâlder Lute Pen fan Menamerdiel is dy útspraak oanlieding om te ûndersykjen oft er ek stappen nimme kin tsjin Van Booma. Neffens Pen hat Van Booma de problemen oer himsels ôfroppen troch arbeidsmigranten en rekreanten trochinoar hinne ferbliuwe te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)