Te Loeke gjin akkoart Cambuur

18 apr 2012 - 11:38

Robbert te Loeke giet foarearst net yn op de oanbieding dy't Cambuur him dien hat. Te Loeke wol as earste keeper oanwiisd wurde, mar Cambuur kin him dy garânsje net jaan. It is noch ûnwis oft Marco Bizot, dy't hierd wurdt fan Ajax en no earste keeper is yn Ljouwert, takom jier ek by Cambuur spilet. Dat soe betsjutte dat Te Loeke opnij op de bank telâne komt en dat sjocht hy net sitten.

De reservekeeper stie dit seizoen 18 wedstriden ûnder de latte by Cambuur, troch in blessuere fan Bizot.

De klup sil ynkoarten ek om 'e tafel mei Robert van Boxel om te besjen oft beide partijen meielkoar fierder wolle. It kontrakt fan de ferdigener/middenfjilder rint nei dit seizoen ôf. Earder waard al bekend dat Sandor van der Heide, Leon Hese, Bob Schepers, Charles Dissels en Jasar Takak nei dit seizoen ôfskied nimme fan Cambuur. Oguzhan Turk sjocht om nei in klup út de earedivyzje en giet nei alle gedachten ek fuort. De takomst fan Mark de Vries is noch ûnwis. Dat hinget ûnder oaren ôf fan de fitheid fan de oanfaller, dy't al in skoft te krijen hat mei in blessuere oan it kût.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)