Wa sloopt de ôfdekplaten fan lampepeallen yn Frjentsjer?

In frjemde stellerij ferline wike yn Frjentsjer. Fandalen hawwe dêr ferskate ôfdekplaten fan lampepeallen sloopt en meinommen. Sûnder de deksels lizze de stroomtriedden yn de peallen bleat. En dat kin gefaarlik wêze.
De gemeente hat noch gjin idee wa't de dieders binne. Minsken dy't tips hawwe kinne harren melde by de plysje of by de gemeente Frjentsjerteradiel.