Gemeenten laks by asbestregistraasje, D66 stelt fragen

04 feb 2016 - 15:55

D66 yn de Twadde Keamer wol witte hoe't it kin dat Fryske gemeenten laks binne by it registrearjen fan asbestfersmoarging. Dizze wike waard bekend dat tachtich persint fan de Fryske gemeenten asbestlokaasjes net oanmeld ha foar it Landelijk Asbest Volgsysteem. D66 wol fan it regear witte wêrom de Fryske gemeenten de asbest net melde.

D66 en de SP wolle dat it ferplicht wurdt foar gemeenten om lokaasjes mei asbest te melden. Sa kin asbestfersmoarging better oanpakt wurde.

Trefwurden: 
D66 gemeenten asbest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)