Skipswrak út 16e ieu by Starum

Amateurarcheologen hawwe foar de haven fan Starum in skipswrak út de 16e ieu fûn. De Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed tinkt dat it skip om 1500 hinne sonken is. It giet om in swier hannelsskip. De rykstsjinst fynt de fynst belangryk, omdat der noch mar in bytsje bekend is oer hoe't skippen út dy tiid boud west hawwe.
It âlde hannelsskip sil net boppe wetter helle wurde. Wol is de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed dwaande mei archeologysk ûndersyk.