Otters brûke nije faunapassaazje Sintrale As

04 feb 2016 - 12:30

In groepke otters makket gebrûk fan de faunapassaazje yn de Sintrale As by De Falom. Dy is noch mar krekt iepen. Op kamerabylden binne trije otters te sjen.

By de faunapassaazje binne ek spoaren en stront fan otters fûn. Steatsboskbehear neamt it hiel moai nijs, seker omdat der safolle otters deariden wurde yn it ferkear. Troch gebrûk te meitsjen fan de faunapassaazje, kinne de otters no fierder lûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)