Boargemaster Bilker: Tefreden oer opfang yn Kollumerpomp

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân is hiel tefreden oer de gong fan saken yn de needopfanglokaasje yn Kollumerpomp. De boargemaster skriuwt dat op de webside fan de gemeente. Al in pear wiken ferbliuwe flechtlingen yn de rekreaasjepaviljoens fan Kollumeroard. Der wurkje frijwilligers út de gemeente mei en der binne alle dagen aktiviteiten.
Ynsidinten
Oer de sfear tusken de asylsikers is Bilker dan ek tefreden: "Incidenten zijn er niet of nauwelijks. Dat is een wonder, want als zoveel verschillende mensen ineens maanden dicht op elkaar zitten, na zoveel traumatische ervaringen en met heimwee, dan zou je verwachten dat het wel eens uit de hand loopt omdat er spanningen optreden. Tot nu toe is dat niet het geval."
Mear opfangkapasiteit nedich
De problematyk as it giet om de opfang fan flechtlingen is neffens Bilker noch net foarby en der is noch mear opfangkapasiteit nedich. Trochstreaming is dêrby tige wichtich. Gemeenten sille dit jier folle mear statushâlders in plak jaan moatte.
Situaasje yn Fryslân
Yn Fryslân is in ynventarisaasje makke fan de opfangmooglikheden. Der is besletten dat yn de provinsje gjin grutskalige opfang komt, mar dat gemeenten lytsere lokaasjes oanwize kinne foar opfang. Neffens Bilker binne de gemeenten solidêr mei-inoar. Bilker: "In Fryslân hebben wij als gemeenten verklaard dat we solidair zijn met elkaar. Dat betekent dat elke gemeente iets doet of gaat doen aan vluchtelingenopvang."
Mocht dizze oanpak yn de praktyk net wurkje, dan is Bilker foarstanner fan in azc yn eltse gemeente. Dat skept dúdlikheid en foarkomt diskusjes.