'Biblioteken moatte fusearje'

De biblioteken fan Fryslân moatte yn de takomst fusearje om de holle boppe wetter hâlde te kinnen. Dat sei direkteur Jacques Malschaert fan biblioteekservice Fryslân woansdei by de ûndertekening fan it konvenant Netwurk Fryske Biblioteken. Nei tsien jier fan praten binne alle Fryske biblioteken no lid.
Der moat folle effisjinter gearwurke wurde omdat der bot besparre wurdt op de biblioteken troch de provinsje en de gemeenten. Fierder moatte de tariven omheech en moatte oare klanten lykas teaters socht wurde.
Der moat jild fûn wurde want allinnich de provinsje komt al mei in besparring fan seis ton op de biblioteekservice Fryslân.