Ljouwerter frou slachtoffer fan strjitrôf

© ANP XTRA
In frou fan 20 jier út Ljouwert is woansdeitenacht berôve fan har tas. By it Zamenhofpark kaam in man fan it strûkeguod út dravend op har ôf. De frou skrok en stie midden op de dyk stil mei har fyts. De man pakte har tas en naaide dêrnei út nei de Robert Kochstrjitte. De frou begûn te razen, wêrop't buertbewenners 1-1-2 bellen.
It slachtoffer draafde achter de man oan en seach dat er de Van Roonhuysestrjitte yn gie en dêr in auto ynstapte dy't mei draaiende motor klear stie. De auto ried mei hege snelheid fuort. De plysje is op syk nei tsjûgen fan de strjitrôf.