Snitser follybalfroulju ferlieze kwartfinale bekertoernoai
De follybalfroulju fan Snits lizze út it bekertoernoai. De follybalsters gongen woansdeitejûn yn de kwartfinale mei 3-1 yn sets ûnderút tsjin Alterno yn Apeldoorn. De Snitsers ferlearen de earste set, mar wûnen de twadde.
Yn de tredde set kamen de froulju fan VC Snits ek op foarsprong, mar se joegen de set dochs út hannen. De fjirde set moast dus wûn wurde, mar dat slagge de Snitsers net. Se makken tefolle flaters.
De wedstriid yn Apeldoorn wie de twadde yn de kwartfinale. Yn de thúswedstriid fan ferline wike wûnen de Snitser froulju noch mei 3-2 fan Alterno, mar om't se no mei 3-1 ferlern hawwe, lizze se derút.