Ljouwert en Malta helje bannen oan foar Kulturele Haadstêd

Ljouwert Kulturele Haadstêd besiket safolle mooglik gear te wurkjen mei it Malteeske Valletta. Dizze stêd is yn 2018 ek Kulturele Haadstêd fan Europa. Se wurkje al gear yn it projekt 'Potatoes go wild', oer gedichten en ierappels. In Fryske delegaasje fan dichters wie koartlyn op Malta. Jelle Burgraaf fan Ljouwert Kulturele Haadstêd wie ek mei. Hy hâldt him dwaande mei de ynternasjonale kontakten. Neffens him is der in goede bân mei Valletta.
Projekten
Se wurkje ûnder oaren gear op it mêd fan visual arts. In oar gearwurkingsprojekt is 'Behind the front doors'. Bern yn efterstânswiken yn Ljouwert en Valletta sille sels in film meitsje oer harren libben.
Oerienkomsten
Valletta 2018 belûkt it hiele eilân Malta by harren plannen, lykas Ljouwert 2018 hiel Fryslân derby belûkt. Oare oerienkomsten binne de twatalichheid. Yn Fryslân it Frysk en Nederlânsk en op Malta it Malteesk en it Ingelsk. Fierder hawwe beide plakken in bân mei de see.
Valletta
Valletta is de haadstêd fan Malta. Malta is like grut as Teksel en hat rom 400.000 ynwenners. It is ien fan de tichtstbefolkte lannen yn 'e wrâld. Valletta hat 7000 ynwenners en hat in soad âlde gebouwen. It sintrum stiet op de wrâlderfguodlist fan Unesco.