Sintrum op It Fean helpt minsken om te libjen mei kanker

03 feb 2016 - 21:59

In itensiedersworkshop om út te finen hoe't iten dochs noch lekker smakket by in gemokuer, in massaazje, moai opmeitsje of gewoan efkes in praatsje mei lotgenoaten. Dat kin fan tongersdei ôf op It Hearrenfean. De lotgenoaten binne minsken dy't kanker hawwe of hân hawwe. De Skulp is in nij inisjatyf dat alle freeds de doarren iepenet foar minsken mei de sykte kanker. Inisjatyfnimster is Marijke Kramer. Sels hie se boarstkanker en se hie in soad baat by sa'n sintrum yn Utrecht.

It sintrum 'Leven met kanker' draait noch sûnder subsydzjes en hat hast gjin jild. De Skulp moat it dan ek hawwe fan frijwilligers. Fansels hoopje se op mear stipe as se ien kear draaie. Earst wolle se sjen litte wat it ynhâldt. "Sûnder jild soks opsette falt noch net ta, mar Soarchbelang op It Hearrenfean wie entûsjast en bea help oan", fertelt foarsitter Irona Groeneveld fan De Skulp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)