IM-ûndersyk nei homodiskriminaasjesaak duorret noch wiken

03 feb 2016 - 18:30

It ûndersyk yn de diskriminaasjesaak fan Bas van der Meer is noch hieltyd net klear. Yn novimber foarich jier woe in bedriuw yn Drachten him gjin staazjeplak jaan, om't er homo is. Hy hat in freon, en dat soe net yn de kristlike oertsjûging fan it bedriuw passe.

It Iepenbier Ministearje lit no witte dat it noch wol wiken duorje kin foardat dúdlik is oft it Drachtster bedriuw foar de rjochter ferskine moat. Dat oardiel sil syn útwurking ek ha yn de rest fan it lân, seit in wurdfierder en dêrom docht it Iepenbier Ministearje it him oan tiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)