Radio Spannenburg krijt 25.000 euro subsydzje fan gemeente

03 feb 2016 - 17:54

Radio Spannenburg krijt 11.000 euro mear subsydzje fan de gemeente De Fryske Marren. Dat is de útkomst fan petearen tusken beide partijen. Dêrmei is in rjochtsaak fan de baan. Radio Spannenburg is sûnt de fúzje fan de gemeente De Fryske Marren oanwiisd as lokale radiostjoerder fan de gemeente.

De omrop krige, lykas foargeande jierren, 14.000 euro subsydzje. Om't de gemeente folle grutter wurden is, wol Spannenburg ek mear jild ha en spande in rjochtsaak oan.

De rjochter bepaalde dat beide partijen binnen trije wiken in oplossing hawwe moasten, oars soe der in rjochterlike útspraak komme. De gemeente komt no temjitte oan de eask fan de lokale omrop, mei in subsydzje fan 25.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)