Fytsefernielers Ljouwert oppak

18 apr 2012 - 10:18

Twa Ljouwerters fan 21 en 22 jier binne tiisdeitenacht oanholden op it Stasjonsplein yn de stêd yn ferbân mei de fernieling fan in seistal fytsen. In befeiliger seach de fernielers op kamerabylden en skeakele de plysje yn.

Nei alle gedachten ha de fertochten besocht mei in bakstien de slotten stikken te meitsjen. De beide mannen binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
fytsefernielers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)