Willie Zwart út Nijbrêge krijt keninklike ûnderskieding

03 feb 2016 - 16:33

Willie Zwart (55) út Nijbrêge hat woansdeitemiddei in keninklike ûnderskieding útrikt krigen yn doarpshûs 'It Deelshûs' yn Haskerdiken. Se krige it lintsje ûnder oaren foar har bestjoerswurk foar de stifting Volksvermaak yn Haskerdiken-Nijbrêge.

Sy wie ek aktyf as frijwilliger by de iepenbiere skoalle yn Haskerdiken, by de fierljepferiening yn Nijbrêge en foar it doarpshûs yn Haskerdiken. Frou Zwart krige de ûnderskieding opspjelde troch boargemaster Van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)