Primeur foar it keatsen

18 apr 2012 - 07:42

Der is woansdeitejûn in primeur foar it keatsen. Dan wurdt de earste knockout-ronde fan de alderearste Friesland Bank Cup ferkeatst. It giet dan om in bekertoernoai foar keatsers. De winners by sawol de manlju as de froulju winne oan it ein fan de rit 1500 euro. It giet om in ôfdielingswedstryd dy't op 7 plakken tagelyk keatst wurdt. By de manlju binne der fjirtich partoeren en by de froulju 15.

Trefwurden: 
Primeur keatsen knockout
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)