Daan Breeuwsma oan de knibbel operearre

02 feb 2016 - 22:54

Shorttracker Daan Breeuwsma is tiisdei mei sukses operearre oan 'e knibbel. De Akkrummer hat al in skoft lêst fan 'e knibbel.

Yn it Amsterdamske sikehûs AMC hawwe se de skerpe rântsjes fan syn knibbelskiif glêd makke. It seizoen sit der foar Breeuwsma no wol op. Hy mist dêrtroch it WK yn Seoul, mar hy hopet der folgjend seizoen folslein by te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)