Grutte problemen yn de bou

Fryslân waard tiisdei wer ris opskrille troch in driigjend fallisemint fan in grut boubedriuw. By de rjochtbank hat boubedriuw Noppert fan It Hearrenfean útstel fan betelling oanfrege. Foar de 120 personielsleden kaam dit nijs as in skok. Foar de minsken út de bouwrâld is dit in logysk gefolch fan de swiere krisis wêryn de sektor no sit. Dat betsjut tefolle minsken yn tsjinst en wurk dat oannommen wurdt ûnder de kostpriis.