Taksybedriuwen Beimers en Javo Tours fallyt

Twa Fryske taksybedriuwen binne fallyt ferklearre. It giet om Beimers Taxi mei meardere fêstigingen yn Fryslân en Javo Tours yn Drachten. By Beimers soene tusken de 80 en 90 minsken wurkje. Hoefolle minsken oft by Javo op de leanlist stean, is net bekend. De hope foar beide bedriuwen is dat der noch in trochstart makke wurde kin.
Neffens Minke Jansma fan FNV Transport en Logistiek kinne taksybedriuwen de holle dreech boppe wetter hâlde. Se moatte foar hieltyd minder jild ynskriuwe op opdrachten.