De Friese Poort krijt nij bygebou foar unifoarm-opliedings

De plysje-, definsje- en bewakingsopliedings fan De Friese Poort groeie sa hurd dat der in ekstra gebou komme moat. Op de unifoarmearre opliedings sitte no al 700 learlingen. Dat past net mear yn it gebou oan de Wilaarderbuorren yn Ljouwert. Dêrom komt der in pear hûndert meter fierderop by it sportkompleks Kealledykje in nij gebou. De opliedings kinne dan ek gebrûk meitsje fan de sportfoarsjennings yn it Kealledykje.
It nije gebou moat der oer in jier stean. It moat folslein enerzjyneutraal wurde.