Bijleveld wethâlder Koll'lân

18 apr 2012 - 07:06

CDA-riedslid Lieuwe Bijleveld út Kollumersweach wurdt wethâlder yn de gemeente Kollumerlân. Dit is tiisdeitejûn besletten troch it CDA yn dy gemeente. Bijleveld is de opfolger fan Hilbrand Visser dy't mei yngong fan augustus wer oan de slach sil yn syn âlde baan as ûnderwizer. Lieuwe Bijleveld is no noch koördinator by opfangsintrum 't Lichtpunt yn Kollumersweach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)