Haad opliedingen SC Hearrenfean stapt op

Hans Schrijver © www.sc-heerenveen.nl
Haad opliedingen by SC Hearrenfean Hans Schrijver hâldt oan de ein fan dit seizoen op by de klup. Hy seit dat er ta is oan wat oars. Op de webside fan Hearrenfean lit er witte: "Mijn werk als hoofd opleidingen in combinatie met het trainen van de A1 heb ik met plezier gedaan, maar mijn gevoel zegt me dat ik verder wil als coach of scout. Dan moet je eerlijk zijn naar jezelf en de club en een keuze maken."
Schrijver hat noch gjin kontakten mei oare klups, mar hy hat goede hope dat er wat nijs fynt, sa lit er witte.
De 56-jierrige Schrijver is dwaande mei syn twadde seizoen by SC Hearrenfean.