Jumbo op It Hearrenfean krijt in folslein nije winkel

02 feb 2016 - 16:41

De Jumbo Supermerk oan de Gedempte Molenwyk op It Hearrenfean krijt in folslein nije winkel. Dêr komt ek mear romte om auto's te parkearen. De winkel slút ynkoarten foar trijekwart jier de doarren. Takom hjerst kinne ynwenners fan It Hearrenfean en omjouwing de boadskippen dan dwaan yn de nije fêstiging.

De bou fan de supermerk is in part fan de ûntwikkeling oan de Gedempte Molenwyk. It terrein leit der al jierren fertutearze by. Der komme ek wenningen en in fêstiging fan spylautomatehal Flash.

Trefwurden: 
It Hearrenfean Jumbo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)