Provinsje leit ôffaloven yn Harns twangsom op

De provinsje Fryslân leit de ôffaloven yn Harns in twangsom fan maksimaal 615.000 euro op. De boete is it gefolch fan in steuring ferline jier oktober. Doe foel in part fan de ynstallaasje út. Gefolch wie in grutte útstjit fan dioksine. Der kaam mear dioksine frij as yn in jier tastien is.
De provinsje hat yn totaal fiif oertredings fêststeld. Fjouwer dêrfan moatte troch Omrin fuortendaliks oplost wurde. Der is ek wat mis mei de mjitapparatuer. Dit moat binnen twa moannen oanpast wurde.
As Omrin net oan de easken foldocht, moat it de boete of in part dêrfan betelje. Ut de analyze fan it ynsidint binne noch wat oare saken nei foaren kaam dy't de kommende tiid troch de provinsje fierder ûndersocht wurde sille. It giet dêrby ûnder oare om de útstjit fan wetterstofgloride. Binnen inkele wiken wurde de útkomsten dêrfan ferwachte.
Oertredingen dy't neffens de provinsje makke binne:
* De aktive koaldosearring wie net yn wurking. Dat wol sizze dat der net filtere wurdt. De reek is sa de loft yn gien.
* De REC hat de termyske behanneling fan ôffalstoffen net binnen fjouwer oeren nei de steuring stopsetten
* It ynsidint is net melden by it provinsjale miljeualaarmnûmer
* Der is folle mear koalmonokside útstjitten as tastien is
* De mjitapparatuer foar de stofútsjit is net adekwaat