Ferkear kin wer oer beide brêgen fan de Ofslútdyk ride

De beide brêgen op de Ofslútdyk by Koarnwertersân binne wer iepen foar ferkear. Dat seit Rykswettersteat. Tiisdeitemiddei is de bekabeling fan de noardlike brêge makke. De súdlike brêge is no ek klear.
Sneon rekke in kabel los, doe't de brêge iependraaid waard. Dy kabel waard meilutsen en hat de hiele elektryske ynstallaasje ûnder de súdlike brêge fernield. Ek de noardlike brêge koe net mear betsjinne wurde en koe pas nei mear as fjouwer oeren mei de hân tichtdraaid wurde. Ferkear fan beide kanten stie al dy tiid stil.