Krityk op stedskeunstner

17 apr 2012 - 22:04

Ljouwert is op syk nei in opfolger fan de súksesfolle stedskeunstner Marten Winters. Hy makke yn syn twajierrige ferbining mei de gemeente in skip fan papier-masjee. De kosten fan dit projekt binne neffens de gemeente flink út de hân rûn. Foar de stedsperformer is in bedrach fan 5000 euro beskikber foar 4 optredens yn it jier. Winters krige dat bedrach ek twa kear, mar wie grutdiels mei syn skip dwaande. Dêrfoar sammele hy nochris 70.000 euro út oare potsjes om it skip ôf te meitsjen. Dat strookt net mei it idee fan de stedsperformer.

Ek it feit dat Winters him keunstner neamde fûl net goed. De gemeente is wol tige bliid mei al it media-omtinken dat it projekt 'Het Schip, de lading' krige.

Trefwurden: 
stedskeunstner
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)