Feiling De Ald Skou by Akkrum foarearst útsteld

Fallisemint © Omrop Fryslân
De feiling fan hotel-restaurant De Ald Skou by Akkrum giet foarearst net troch. It hoarekebedriuw fan Bram van den Akker soe woansdei feild wurde. Mar de Rabobank hat de feiling op it lêste momint oanhâlden.
Beide partijen wolle foarearst nog gjin taljochting jaan. Neffens Van den Akker is syn bedriuw gewoan iepen.