Sprinttoernoai om Sulveren Bal yn Ljouwerter Alvestêdehal

02 feb 2016 - 14:23

Yn de Alvestêdehal yn Ljouwert wurdt op 15 maart in toernoai om de Sulveren Bal organisearre. It giet om in sprinttoernoai oer 100 meter, wêrby't de bêste sprinters út de wrâld oan de start stean sille. Der sille hieltyd trije riders tsjin elkoar ride en tusken de wedstriden troch is der in farieard programma.

It evenemint sil lykje op it eardere iisgala dat op Thialf organisearre waard. Der komme tribunes mei plak foar 1200 minsken.

Der binne al ferskate riders dy't oanjûn hawwe dat se meidwaan wolle. Dêrby binne de Olympysk kampioenen Michel Mulder en Stefan Groothuis, mar ek Jesper Hospes en Margot Boer wolle meidwaan om te striden om de Sulveren Bal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)