Opsterlân komt yn ferset tsjin nije gasboarrings Langsweagen

© OPB, Bhaskar de Jong
De gemeente Opsterlân hat beswier oantekene tsjin de fergunning fan it ministearje fan ekonomyske saken foar it boarjen nei gas troch Vermilion Oil & Gas. Fan it ministearje mei Vermilion de besteande boarlokaasje oan de Lange Ein by Langsweagen útwreidzje. De gemeente is hjir al langere tiid op tsjin.
Eardere beswieren tsjin de fergunning hawwe net holpen. Neffens Opsterlân soarget in nije boarput foar ûnrêst ûnder de ynwenners, sjoen de sitewaasje mei de ierdskokken yn Grinslân.
Dêrneist soe de provinsje ek tsjin nije gasboarrings wêze, sa seit Opsterlân.