Dieven stelle minykraan op De Haule
Op 'e Haule is moandeitenacht in minykraan fan it merk Takeuchi stellen. De eigener hie de masine, op in oanhingwein, moandei oan de ein fan de middei delset oan de Swettewei.
Doe't hy de kraan tiisdeitemoarn ophelje woe, wie dy fuort. De oanhinger hat in eigen kenteken, 75 WF XS. De plysje freget tsjûgen har te melden.