Hast 330 ynsidinten yn Fryske AZC's en opfanglokaasjes

De Fryske plysje hat ferline jier hast 330 ynsidinten registrearre yn opfanglokaasjes foar asylsikers. De measte ynsidinten wienen yn it asylsikerssintrum fan Drachten, dêr giet it om 122 gefallen.
Boargemaster Van Bekkum lit witte dat se de sitewaasje yn it Drachtster azc hieltyd beprate mei it COA om te sjen wat se ferbetterje kinne. Dêrom is hy bliid mei dit earste ynformaasjerapport oer de plysjeregistraasjes. Hy hopet mear ynsichten te krijen yn de oarsaken en yn de ferbannen tusken de ynsidinten en nasjonaliteit of leeftyd.
Yn it asylsikerssintrum fan Burgum wiene der 81 meldings. Yn it azc fan Sint-Anne 85; 50 yn en 35 bûten it asylsikerssintrum. Boargemaster Krol fan It Bilt fynt dat oantal wol tafallen. Fanút de tydlike lokaasje yn it WTC Expo yn Ljouwert waard 37 kear in melding dien, fanút dy yn Grou trije kear.
De Fryske sifers binne net útsplitst nei soart ynsidint. By it totaal oan meldings yn alle provinsjes is dat wol dien. Dêr docht út bliken dat meldings fan rûzje en geweld it measte foarkomme. Net by alle ynsidinten hat de plysje ek echt by in opfanglokaasje west, it kin ek wêze dat der allinne oanjefte dien is.