Fakbûn CNV op besite by meiwurkers fallite winkels

De detailhannel sit yn in krisis. Sa'n 10.000 meiwurkers fan ûnder oaren V&D, DA en Dolcis driigje noch foar de simmer harren baan kwyt te reitsjen. Reden foar it fakbûn CNV om in workshop te ûntwikkeljen foar minsken dy't dien krije.
Yn de fergeze workshop leare minsken wat harren kwaliteiten binne, hoe't se sollisitearje moatte en se krije in 'loopbaanadvys'. Leden fan it CNV geane tiisdei by Fryske winkels del om mei de meiwurkers te praten oer harren takomst. De reaksjes binne ferskillend, seit bestjoerder Jikky Alberts fan it CNV.