Weststellingwerf wol fierder mei buorlju H'fean en E'werf

Gemeentehûs Weststellingwerf © Gemeente Weststellingwerf
De gemeenteried fan Weststellingwerf sjocht de gemeente it leafst fusearjen mei buorlju Hearrenfean en Eaststellingwerf. Dat die moandeitejûn bliken op de gemeenteriedsfergadering. Dêryn beprate de gemeente fiif opsjes foar gearwurking en fúzje. Dêrby is ek oer de provinsjegrins hinne sjoen, nei gemeenten yn Drinte en Oerisel.
Mar in mearderheid fan de gemeenteried kiest dochs foar de direkte buorlju fan Weststellingwerf. It kolleezje fan b. en w. sil de mooglikheden foar dizze gearwurking en op termyn ek fúzje no fierder ûndersykje.
De gemeenteried ferwachtet uterlik yn april 2017 de resultaten fan dit ûndersyk.