Bewenner rekket ferwûne by brân yn hûs Harns

02 feb 2016 - 09:51

In bewenner fan in hûs oan de Aeluweleane yn Harns is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in brân yn de sliepkeamer. It slachtoffer is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele, mar hoegde net nei it sikehûs.

Troch de brân ûntstie der in soad reek- en wetterskea oan de wenning. De oarsaak fan de brân is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)