Feanster rydt sûnder rydbewiis en rekket auto kwyt
De plysje op It Hearrenfean hat in 20-jierrige automobilist út it plak oanhâlden. De Feanster ried foar de safolste kear sûnder rydbewiis yn syn auto. Dy is dêrom yn beslach naam.
Der is boppedat proses-ferbaal tsjin de jonge bestjoerder opmakke.