"Sjoch ris wat faker yn de bek fan jo hûn of kat"

02 feb 2016 - 08:20

Sjoch ris wat faker yn de bek fan jo hûn of kat. Dat is it boadskip fan in protte bistedokters dizze moanne. Sy dogge mei oan de lanlike moanne fan de gebitsfersoarging foar bisten. Dokters fernimme dat baaskes faak de tosken fan harren húsdieren oer de holle sjogge.

Se komme dan bygelyks mei harren bist yn de praktyk om't er net mear ite wol, en tinke dan dat der wat slims oan de hân is. Mar yn guon gefallen giet it dan om in gewoane rotte tosk, of oare gebitsproblemen. Guon bistepraktiken hawwe dêrom dizze moanne spesjale aksjes.

Sa kinne baaskes yn Boalsert bygelyks tusken healwei fjouweren en fjouwer oere delkomme by de praktyk Fischer en Co. foar in fergese tsjek fan it gebit fan harren húsdieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)