Bysûndere fyts ferriedt ynbrekker yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitemoarn betiid in 45-jierrige ynbrekker út de stêd oanhâlden. In tsjûge warskôge de plysje dat der op de Britsenbrêge mooglik ynbrutsen waard. Mei help fan it sinjalemint fan de fertochte en syn bysûndere fyts, koe de plysje de man yn de buert oanhâlde. De man hie ynbrekkersark by him.
De plysje koe by de Britsenbrêge gjin spoaren fan in ynbraak fine, mar hat de man oanhâlden om't hy it ynbrekkersark by him hie.