NAM pleatst tydlike gasboartoer by Mearum yn Grinslân

01 feb 2016 - 23:14

De NAM set in tydlike boartoer del op de gaswinningslokaasje by Mearum yn Grinslân. De grutte toer is nedich om ûndergrûnske pipen te ferfangen dy't al hiel lang brûkt wurde. As de pipen fan de twa gasputten by Mearum ferfongen binne, hopet it NAM dêr noch tsien oant fyftjin jier nei gas boarje te kinnen.

De wurksumheden sille fjouwer oant seis wiken duorje.

Trefwurden: 
NAM Mearum gaswinning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)