Ljouwerter riedslid Hoogterp kriget lintsje by syn ôfskied

01 feb 2016 - 22:34
Gerben Hoogterp krijt lintsje by syn ôfskied - Foto: Twitter Isabelle Diks

It Ljouwerter riedslid Gerben Hoogterp is moandeitejûn keninklik ûnderskieden. Hoogterp, yn de ried foar PAL GrienLinks, is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau by syn ôfskied fan de gemeenteried. Hy krige de keninklike ûnderskieding foar syn fertsjinsten yn de polityk út hannen fan boargemaster Ferd Crone.

As riedslid makke Hoogterp him sterk foar de gemeente Ljouwert as griene gemeente, duorsum en feilich, foar de itensbank en de needopfang foar flechtlingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)