Kim Wilde komt yn oktober nei Ljouwert

Kim Wilde
De ferneamde Britske sjongeres Kim Wilde komt nei Ljouwert. Se sil op 11 oktober optrede yn Neushoorn. Wilde bruts troch yn 1981 mei it nûmer Kids in America. Se skoarde dêrnei noch in pear lytsere hits. Har earstfolgjende tophit wie yn de jierren '90 tegearre mei de Dútske sjongeres Nena. Anyplace, Anywhere, Anytime’ stie fiif wiken op nûmer 1 yn Nederlân.
Foar wa't Kim Wilde op 11 oktober yn Ljouwert sjen wol: de foarferkeap begjint op 4 febrewaris.