Provinsje set ynformaasje oer fêstgoed op eigen ynternetside

01 feb 2016 - 17:41

De provinsje set tenei alle ynformaasje oer kavelruil, hier en ferpachting en de oan- en ferkeap fan gebouwen en grûn op in nije webside. Sa kinne minsken dy't der belang by hawwe op de hichte bliuwe. Neffens de provinsje meitsje Friezen alle dagen gebrûk fan it fêstgoed fan de provinsje. Dan giet it bygelyks om it provinsjehûs, busstasjons en natuergebieten.

Alles wat minsken dêroer witte wolle, kinne se no gewaar wurde op www.fryslan.frl/vastgoed.

Trefwurden: 
fêstgoed provinsje site
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)