Fryslân wol folle mear asylsikers opnimme as it ryk freget

01 feb 2016 - 16:35

Der komme dit jier fjouwertûzen plakken by yn asylsikerssintra yn Fryslân. Mei de njoggenhûndert plakken foar needopfang derby is dat folle mear as de 2500 plakken dy't Fryslân foar syn rekken nimme moatte soe, neffens de ôfspraken mei it ryk.  

De ferwachting is dat der ferlet is fan mear opfangplakken. Dêrom binne alle gemeenten frege oft se meiwurkje wolle oan de fêstiging fan nije azc's en needopfang, en oan de trochstream fan minsken mei in status út de azc's nei in gewoan hûs.

Dit jier is der bygelyks ferlet fan nochris 1800 needopfangplakken. Twatûzen minsken mei in status soene trochstreame moatte nei gewoane wenromte.

Trefwurden: 
asylsikers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)