NHL wurdt ambassadeur smart industry fan ministearje fan EZ

De NHL yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert is ambassadeur wurden fan it lanlike inisjatyf 'smart industry' fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De NHL kriget de erkenning omdat de hegeskoalle nije techniken yn it bedriuwslibben yntegrearret. In foarbyld dêrfan is it ûntwikkeljen fan drones foar de ynspeksje fan wynmûnen en techniken dy't brûkt wurde kinne foar de opspoaring fan syktes yn ierappels.
By it ûntwikkeljen fan dy techniken wurkje fakgebieten lykas wiskunde, statistyk en serious gaming gear.
De studinten kinne harren troch praktykopdrachten ûntwikkelje ta professionals.