KNMI ropt op 'e nij koade giel út fanwege hurde wyn

Hurde wyn © Omrop Fryslân
It KNMI hat koade giel útroppen foar de provinsjes Fryslân, Seelân, Utrecht en Noard- en Súd-Hollân. Der wurde hurde wynstjitten fan 75 oant 90 kilometer ferwachte. Benammen yn it Waadgebiet stiet in hurde wyn.
Dy hat rûnom yn it lân problemen opsmiten, lykas in omwaaide oanhingwein en in yn stikken waaid dekseil fan in frachtwein. De ferkearsynformaasjetsjinst ried frachtweinsjauffeurs oan om ekstra alert te wêzen. De wynstjitten hâlde oant en mei de jûn oan.