Martin Cnossen oansteld as nije direkteur fan Merk Fryslân

01 feb 2016 - 13:56

Martin Cnossen is beneamd ta nije direkteur fan Merk Fryslân, de ynstânsje dy't Fryslân toeristysk op de kaart sette moat. Cnossen is no noch direkteur fan Stifting DBF, dy't opkomt foar de belangen fan de doarpen. Hy begjint op 1 april by Merk Fryslân.

By DBF wie Cnossen ek al dwaande mei toeristyske projekten, lykas de fytsknooppunten. De 48-jierrige Ljouwerter sil yn syn nije funksje lieding jaan oan seis meiwurkers. Merk Fryslân bestiet no 15 moannen en is de opfolger fan Fryslân Marketing dat net oan de ferwachtingen foldie.

De provinsje is opdrachtjouwer fan Merk Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)