Kommisje ûndersiket takomst fan Freulepartij yn Wommels

In kommisje ûndersiket de takomst fan de Freulepartij yn Wommels. It bestjoer fan de keatsferiening Wommels hat de kommisje ynsteld om te sjen hoe't it it bêste mei de Freulepartij fierder kin. De kommisje, mei foarsitter Sake Saakstra, hat in opdracht mei seis punten krigen.
Sa wurdt sjoen oft der in bestjoerlike splitsing komme moat fan de keatsferiening en de organisaasje fan de Freulepartij. De organisaasje fan de Freule is in drege put om njonken it gewoane wurk foar de feriening te dwaan.
Derneist wurdt sjoen nei de finansjele konsekwinsjes dy't dat hawwe kin. De útkomsten wurde taljochte op in ledegearkomste, wêrnei't yn in twadde fergadering in definityf beslút naam wurdt.