Twa wike lang Frisian Flag

17 apr 2012 - 16:26

Twa wiken lang fynt fan fleanbasis Ljouwert ôf ien fan de grutste militêre fleanoefeningen yn de wrâld plak: Frisian Flag. Twa kear deis stige sawat 50 jachtfleantugen op fan de fleanbasis. Benammen boppe de Noardsee wurdt yn in gebiet fan 270 by 330 kilometer traind op ferskate dissiplines. Sa wurde der sabeare doelen op de grûn oanfallen en wurde situaasjes lykas by eardere missys yn Afganistan neispile.

De oefening wurdt al sûnt 1992 hâlden, mar koe de lêste twa jier net trochgean fanwege in jiskewolk by Yslân en in missy yn Libië.

Yn totaal dogge sân lannen mei.

Trefwurden: 
fleanbasis Frisian Flag
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)